EZG by de Slachte

15 juni 2024

EZG by de Slachte Marathon

De Slachtemarathon is in Frysk fenomeen wêroan elke fjouwer jier tûzenen wandelaars en hurddrafers meidoche. De minsken rinne oer en lâns de ieuwenâlde slachtedyk die begjint yn Easterbierum oan de seedyk en eindicht yn Raerd. Oer de hele route ferdeeld steane fanfares om de sportievelingen in muzikaal steuntsje yn de rêch te jaan. En sa wy ek.  

Efen foar healve njoggenen—krekt tusken de oanhâldende buien troch—manoefreerden wy te Frentsjer alle blaas- en slagwurk-instruminten in grutte trailer yn. It wie in lyts bytsje krap, mar dat we in lyts offer foar in dak boven de holle. Yn tsjinstelling tot de wandelaars koeden wy it sadwaande tiidens it oere dat wy spielden gruttendiels drûch en waarm hâlde.

We hieden in mooi útgebreid programma mei ûnder oare medleys fan the Eagles, Eric Clapton en Tina Turner en dêrneist bijvoorbeeld Shut up and Dance with me—wêr ús Lammert sich útlefe mocht op it drumstel—en Fox from the North. Allegear frolijke, lichte en herkenbare stikjes wêrby it d’r toch flink op oankomme kin foar blazers. We hoopje dat it foar de wandelaars krekt sa leuk wie om te hjearen as it foar ús wie om te spieljen.

It hichtepunt wie in solo fan Eline de Boer op de sopraansaxofoan wêroan wy begelieding joechen. It wurd wol ris sein dat talinten moelijke dingen makkelijk lykje litte, mar self ik ha gjin seconde de illusie hân ha dat wat se sjen liet makkelijk wie. Se spyle it stik James fan Ben Haemhouts prachtich.

It oere fleach om en ûndanks dat wy graach noch trochspiele hieden wie it de beurt oan de oare korpsen. In goed slagge konsertsje dus by dizze iconische Fryske marathon!


Naar overzicht