Geslaagd Meastro concert
16 april 2023Wa kent it it telefyzje-programma Maestro net? Op in goeie dei wurd it troch tichtby de 2 miljoen minsken sjoen. Derneist kinne de bekende Nederlanders it konsertgebouw ek noch fulle. Yn Hommerts-Jutryp is elke doarpsgenoat in bekende doarpsgenoat mar is it in hele prestatie om ùs eigen odéon yn de form fan de gymzaal yn it doarpshûs te fullen. Wol 125 minsken kamen opdraven - en sy waarden net teleurstelt. It succes wie gruttendiels de fertsjinste fan de fjouwer die hun waardichhyd op it spul doarden te setten: Yda Hofman, Lizette Smit, Erro Hofstra en Jelle Vonk.
Erro iepende it konsert mei in kluplied werfoar hy miskien gjin sympathie, mar gelokkich wol in goed en strak oanjûn tempo opbringe kin. Dernei wie de beurt oan Lizette die it concept ‘voorspel’ creatief omdaaide en begie mei it sjongen fan it intro fan I will survive foardat se de moeilijke oergang nei it dirigeren goed utfoerde. Jelle dirigeerde … mei bravour en Yda gie Go West foar en hie each foar details as it oanjaan fan specifieke stemmen yn it orkest. Ús eigen Jan Hibma hat tuskentroch it goeie foarbield joen troch self ek in pear stikken te dirigeren. Dermei koe it accent lein wurde op die aspecten wêr ofrûne wieken foar repeteerd is. Isa’s solo-stik Sång till Lotta wie hjirfan it hichtepunt.
Dernei kamen alle maestro’s noch in keer oan de beurt, foardat it korps mei Jan de boel ôfslúte, mar ik sil my ynhâlde in gedetaileerde útiensetting fan it hele konsert by elkoar te tikken. Om in de loft yn fleanende baton van winnaar Yda, in nije omgekeerde techniek fan de maat oanjaan - genaamd ‘Erro’s inverse’, Lizette die de paukenist midden yn it stik noch mar even nonverbaal freechet hoefolle maten we noch moate, of dominee Jelle Vonk mei in clowns-noas of leren jack op foar it korps echt te kinne waardere moate je it no ien kear live sjen. Folle belangryker is wie de manier wêrop de kandidaten ús korps oan it musiceren krygen. Up-tempo en dynamisch waard der troch troch de blêdmusiek hinne flein. Slagwurker Lammert koe sûnder blaasinstrument oan de mûle in grutte grijns net ûnderdrukke. De muzikaliteit siet der al lang yn, mar it wie oan alles te merken dat de maestro’s mei in peer kear oefenjen heel wat leerd hieden ek al wie it allinich mar dat se it al lang koeden.