Krystconcert
30 december 2024Snein 22 december hat it lêste concert fan us korps EZG yn 2024 plak fun. In inmiddels wol traditioneel krystconcert waard dit jier combineert mei it striikkwartet Port du Bouc. Dit is in striikkwartert ut Fryslân dyt elkoar kinne trochdat se allegear tegeare spyle ha yn in frysk jeugdorkest.
Dizze jun waard der yn de tsjerke fan de Hommerts earst 4 stikken spyle troch it korps. Dit wiene de stikken ”A Prelude to Christmas”, “A Christmas Suite deel II”, “The Polar Express” en as lêste “The Little Drummer Boy”. Omdat de huidige slagwurkers net mear sa jong binne wie der plak om twa jonge slagwurkers te debuteren litten by it grutte korps. Doarpsgenoaten Jelmer Nauta en Jimte Grondsma wiene de Little Drummer Boys en kriegen foar én nij de tiid in grut applaus.
Dizze mannen sjoche we hopelik snel by us oansluten. Nei de Little Drummer Boy wie it tiid foar it striikkwartet om hun kunsten hjeare te litten. Dizze striikers lieten hjeare dast mei syn fjouweren in prachtige gelud meitsje kinst.
Neidat Port du Bouc hun stikjes spiele hy, wie it wer de beurt oan EZG om de folle tsjerke lusterje te litten nei achtereenvolgens “In the Bleak Mid-winter” , “The Snowman, Walking in the Air”, “Spanish Christmas Carol” en as lêste it samenzang “Hoor, de engelen zingen de eer”. Dizze fjouwer stikken waarden opvolge troch fjouwer stikken fan de striikers. Wernei it concert under lûd applaus ôfrûn wie.
It moaiste fan dit krystconcert is de bevestiging dat it wêr goed giet mei it korps. Der komt wer in soart publiek op de concerten ôf, der is jeugd diet der by komt en it korps is de ôfrune jieren groeit nei hast 30 leden